Fryske Akademy

De Fryske Akademy is in wittenskiplik Ă»ndersyksynstitĂșt yn Ljouwert. It ynstitĂșt docht Ă»ndersyk nei de Fryske taal, meartaligens, de skiednis en it erfgoed fan FryslĂąn en de relaasje tusken minske, kultuer en omjouwing. De Fryske Akademy waard yn 1938 oprjochte en is fĂȘstige yn it CoulonhĂ»s. De Fryske Akademy is in selsstannige stifting en sĂ»nt 1990 ferbĂ»n oan de Keninklike NederlĂąnske Akademy foar Wittenskippen (KNAW). Underdiel fan de Akademy is it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. De Akademy hat in wichtige rol by de Ă»ntwikkeling fan de Fryske stavering, wurdboeken en digitale taalhelpmiddels.[1][2]
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske Akademy is in selsstannige stifting, fĂȘstige yn Ljouwert. De deistige lieding leit by in direkteur-bestjoerder, dy't de einferantwurdlikens draacht foar it belied en de wurksumheden fan it ynstitĂșt. De direkteur-bestjoerder wurdt advisearre troch in managementteam en leit ferantwurding ĂŽf oan de Rie fan Tafersjoch.[3] De Rie fan Tafersjoch hĂąldt tafersjoch op it belied en it behear fan de direkteur-bestjoerder. De Fryske Akademy is sĂ»nt 1990 ferbĂ»n oan de Keninklike NederlĂąnske Akademy foar Wittenskippen (KNAW). De KNAW hĂąldt it wittenskiplik tafersjoch oer de Akademy en lit it ynstitĂșt geregeldwei troch in Ă»nĂŽfhinklike kommisje evaluearje.[4] Underdiel fan de Fryske Akademy is it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. De Akademy wurdt finansierd troch it Ryk en de provinsje FryslĂąn. Njonken it fĂȘste Ă»ndersykswurk wurde projekten Ăștfierd mei regionale, lanlike en ynternasjonale partners.[5][6]
Undersyk en wurkfjilden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske Akademy docht fĂ»neminteel wittenskiplik Ă»ndersyk nei FryslĂąn, de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. De Ă»ndersyksaginda foar 2023-2027 Ă»nderskiedt trije haadwurkfjilden: Taal en meartaligens, Skiednis en erfgoed en Minske en omjouwing. DĂȘrnjonken docht it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen Ă»ndersyk nei meartaligens en taalĂ»nderwiis.[7]
By it ûndersyk nei taal en meartaligens giet it ûnder mear om taalkunde, sosjolinguistyk, leksikografy, de Fryske dialekten en de posysje fan it Frysk yn in meartalige maatskippij. Ek wurdt ûndersyk dien nei taallearen, minderheidstalen en digitale taalhelpmiddels. It ûndersyk nei skiednis en erfgoed rjochtet him ûnder oaren op it Aldfrysk, de skiednis fan Fryslùn en it kulturele erfgoed. By it wurkfjild minske en omjouwing wurdt ûndersocht hoe't minsken, lùnskip en kultuer inoar yn Fryslùn troch de tiid hinne beynfloede hawwe.[8]
Yn it Ă»ndersyk spylje digitalisearring, it Ă»ntwikkeljen fan digitale kolleksjes en gearwurking mei oare kennisynstituten in wichtige rol. De Fryske Akademy wurket dĂȘrby gear mei regionale, lanlike en ynternasjonale partners en belĂ»kt ek de Fryske mienskip by Ă»ndersyk, Ă»nder oaren troch boargerwittenskip.[9]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1919 pleite Geert Aeilco Wumkes yn in rede foar it Frysk Genoatskip foar in Akademy fan Wittenskip. It idee waard letter oppakt troch de Ă»nderwiisrie, dĂȘr't Titus Brandsma yn in gearkomste fan 27 april 1931 de kontouren fan de Akademy tekene. Twa jier letter spriek de Ă»nderwiisrie him formeel Ășt foar in Akademy, mei de ferklearring der by dat de tiid der noch net ryp foar wie. Nei in lang proses waard de Akademy yn 1938 mei stipe fan it provinsjaal bestjoer oprjochte.[10] Johannes Kapteyn (heechlearaar Aldfrysk) wie in oare driuwende krĂȘft en mei-oprjochter fan de Akademy. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (foarhinne Mercator Education) is Ă»nderdiel fan de Fryske Akademy en waard yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de Europeeske Kommisje.[11]
De Fryske taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]SĂ»nt de oprjochting fan de Fryske Akademy yn 1938 is it ynstitĂșt belutsen by it fĂȘstlizzen fan de Fryske stavering. Yn 1945 makke de Fryske Akademy de Akademystavering en yn 1980 kaam dĂȘr de hjoeddeistige Steatestavering foar yn 't plak. It foech om in offisjele Fryske stavering fĂȘst te stellen leit lykwols net by de Fryske Akademy, mar sĂ»nt 1969 by Provinsjale Steaten.[12] Deputearre Steaten hat it foech oer it fĂȘststellen fan de skriuwwize fan frjemde wurden. Foar sawol de stavering as foar de regels foar it skriuwen fan frjemde wurden is de Fryske Akademy it fĂȘste ynstitĂșt dat troch de provinsje frege wurdt.
De Fryske Akademy skriuwt ek Fryske wurdboeken en jout dy sels Ășt. Bekende Ăștjeften binne it Wurdboek fan de Fryske Taal en it Frysk HĂąnwurdboek. SĂ»nt 2021 Ă»nderhĂąldt de Fryske Akademy de taalhelpwebside Frysker mei wurdboeken, lykas it Frysk HĂąnwurdboek, it NederlĂąnsk-Frysk Wurdboek, it Rymwurdboek en de Foarkarswurdlist fan it Frysk, in staveringshifker en in oersetapp.[13]
Publikaasjes en kennisfersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske Akademy makket de Ăștkomsten fan har Ă»ndersyk tagonklik troch boeken, tydskriften, jierboeken en digitale publikaasjes. SĂ»nt de oprjochting hat de Akademy mear as tĂ»zen publikaasjes ĂștjĂ»n oer de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Ta de Ăștjeften en publikaasjes dĂȘr't de Akademy by belutsen is, hearre Ă»nder oare it wittenskiplik tydskrift Us Wurk, it Genealogysk Jierboek en De Vrije Fries. Ek stelt de Akademy in diel fan har publikaasjes digitaal beskikber.[14]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johan Frieswijk (2000) âDe oprjochting fan âe Fryske Akademy (1938)â in It Beaken 62, 245-265.
- H.H. Munske et al. (red.), Handbuch des Friesischen. Handbook of Frisian Studies. Max Niemeyer Verlag, TĂŒbingen 2001.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|