Husum (Noard-Fryslân)
| Husum / Hüsem | ||
| Lokaasje fan Husum (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Status | Amtsfrije stêd (Kreisstadt) | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 24.090(31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 25,8 km² | |
| Befolkingsticht. | 934 ynw./km² | |
| Hichte | 14 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25813 | |
| Offisjele webside | ||
| www.husum.org | ||
| Kaart | ||
Husum (Noardfrysk: Hüsem) is de haadstêd fan Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein. Yn Husum wennen 22.338 minsken yn 2007 en yn 2020 23.249.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Husum wurdt yn 1409 foar it earst neamd.
De âldste stedskronyk giet werom nei it jier 1252. Kening Abel fan Denemark besocht in nije belesting yn Noard-Fryslân yn te fieren, mar de Friezen wegeren dy te beteljen. Abel besleat om de Friezen oan te pakken en stoar yn 'e striid by Husembro (Hüsembrêge).

Lykas de measte plakken oan 'e Noardsee binne Husum en omkriten tige beynfloede troch stoarmfloeden. By de ellindige stoarmfloed fan 1362, de Grutte Mandrenke[2], strûpte de stêd ûnder en ûntstie der in ynholte yn it lân. Foar dy tiid lei Husum net oan 'e kust. De stêd die syn foardiel mei de ynholte en waard in havenstêd. No't Husum tagong ta de see hie waard der ek in Merkplein oanlein. De hannelswaar koe fuort út fiere oarden mei it skip oanlevere wurde en de stêd makke in tiid fan ekonomyske opgong mei. Tusken 1372 en 1398 groeide de befolking fan Husum bot en der waarden twa doarpen stifte, Oster-Husum (East-Husum) and Wester-Husum (West-Husum).
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1940 waarden ferskate ûnderdielen fan 'e kriichsmacht fan nazy-Dútslân yn en om Husum legere; der wie ûnder oare in militêr fleanfjild (in Fliegerhorst), in kazerne fan 'e Kriegsmarine en in offisiersoplieding (Kriegsschule).
It 5 km noardeastlik fan 'e stêd lizzende kamp Husum-Schwesing (Dútsk: Konzentrationslager Husum-Schwesing) yn 'e gemeente Schwesing, wie fan septimber oant ein desimber 1944 in bûtenkamp (Aussenlager) fan it konsintraasjekamp Neuengamme.
De finzenen moasten ûnder tige swiere yn taaie klaaigrûn allinne mei de skeppe in 4 meter brede en 3 meter djippe tankgrêft, de "Friesengraben", oanlizze. Dêrby waarden se troch de sadistyske kampbewakers faak mishannele.[3] Doe 't ein 1944 bliken die dat dy tankgrêft militêr-strategysk om 'e nocht oanlein wie, waard it Aussenlager sletten en waarden de finzenen werombrocht nei Neuengamme. Yn Husum-Schwesing binne nei skatting 297 finzenen om it libben kaam. Op it plak is in betinkingsgebou oanwêzich (Haus der Gegenwart). Yn maaie 1945 waard de kazerne oan 'e Britske besettingstroepen oerdroegen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Husum leit oan 'e Noardsee, 43 km súdeastlik fan Flensboarch.
Stedsdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste stedsdielen fan Husum binne:
|
|
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1769 | 1864 | 1875 | 1885 | 1895 | 1905 | 1914 | 1933 | 1950 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 3.384 | 5.000 | 6.913 | 7.600 | 8.900 | 10.800 | 10.000 | 13.380 | 24.867 |
| Jier | 1961 | 1970 | 2000 | 2010 | 2018 | ||||
| Ynwenners | 23.813 | 24.963 | 22.611 | 22.084 | 23.158 |
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Theodor-Storm-Haus is in museum oer Theodor Storm.
- It Noard-Fryske Museum Ludwig-Nissen-Haus hat histoaryske keunst- en kultuerûnderwerpen.
- It Schloss vor Husum kin yn 'e König-Friedrich-V.-Allee besjoen wurde.
- Skipfeartmuseum.
- It Ostenfelder Bauernhaus is it âldste Dútske iepenloftmuseum
- It Poppenspäler Museum hat poppeteäter as tema.
- It Nissenhaus mei it Nordsee Museum Husum
- Skipfeartsmuseum.
- Theodor-Storm-Haus, wenkeamer
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gymnasium
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hermann-Tast-Schule, humanistysk gymnasium sûnt 1527.
- Theodor-Storm-Skoalle
Middelbere skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Gesamtschule Husum-Nord
- Ferdinand-Tönnies-Skoalle
- Husum Danske Skole (Deenske skoalle)
Basisskoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iven-Agßen-Schule, sûnt 1619, ien fan 'e âldste legere skoallen fan Dútslân.
- Boargerskoalle
- Klaus-Groth-Skoalle
- Bornskoalle yn Schobüll
Ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Adolf Brütt (1909)
- Hermann Tast (1490−1551), Protestantsk reformator[4]
- Johannes Mejer (1606–1674), kartograaf[5]
- Peter Axen (1635–1707), jurist, filolooch, humanist en diplomaat[6]
- Nicolaus Bruhns (1665-1697), hie in protte ynfloed op Johann Sebastian Bach, wie oargelist yn Husum fan 1689 oant 1697.
- Theodor Storm (1817−1888), Dútsk romanskriuwer
- Janina Uhse (1989), aktrise
- Wiebke Puls (1973), aktrise en sjongster
- Fanny zu Reventlow (1871-1918), Dútsk skriuwer en oersetter
- Oskar Vogt (1870-1959), Dútsk neuro-anatoom/breinwittenskipper
- Jan Wayne (* 1974) DJ, sjonger en plateprodusint
- The Destiny Program (earder Destiny), in hardcore/metalcore band op it heden Nuclear Blast neamd
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
