Springe nei ynhâld

Kobben

Ut Wikipedy
Kobben
Kob (Chroicocephalus ridibundus)
Kob (Chroicocephalus ridibundus)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje:seefûgels (Laridae)
skaai:kobben (Chroicocephalus)
Eyton, 1829

It skaai kobben (Chroicocephalus) foarmet in groep fûgelsoarten binnen de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). De namme fan it skaai is ôflaat fan it Grykske chroizo ("kleure") en kephalē ("kop"), wat ferwiist nei de karakteristike donkere kop dy't in soad soarten yn harren briedkleed krije.

De soarten yn it skaai binne oer it algemien middelgrutte oant lytse kobben. Se wurde troch ornitologen faak ûnderskieden fan it skaai Larus (de gruttere miuwen) troch harren grutte, fearrekleed en hâlden en dragen. De meast opfallende eigenskip is de donkere kap (brún, swart of griis) dy't de measte soarten yn 'e briedtiid krije. De snaffel en poaten binne ôfhinklik fan 'e soarte faak donkerread of swart. De bûtenste slachpinnen fan 'e wjukken ha faak in swarte en wite tekening, dy't kontrastearret mei de fierders ljochtgrize wjukken.

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kobben ha in fersprieding oer hast de hiele wrâld, al binne se yn guon regio's mear fertsjintwurdige as yn oare. De soarten wurde somtiden yn kustkriten sjoen en ek mear ynlânsk by marren, rivieren en fochtige greiden. Guon soarten briede op grutte hichten yn bercheftige gebieten. Der binne ek soarten yn it skaai dy't in grut oanpassingsfermogen hawwe en tichteby of yn stêden foarkomme.

It skaai bestiet út 10 soarten:

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeBriedgebietStatus
AndesmiuwChroicocephalus serranusAndes, fan Kolombia oant Sily en Argentynjenet bedrige[1]
brúnkopmiuwChroicocephalus brunnicephalusSintraal-Aazje (benammen it Tibetaansk Heechlân)net bedrige[2]
griiskopmiuwChroicocephalus cirrocephalusDielen fan Afrika, Súd-Amearika en Madagaskarnet bedrige[3]
HartlaubmiuwChroicocephalus hartlaubiiKustgebieten fan Namybje en Súd-Afrikanet bedrige[4]
kobChroicocephalus ridibundusGrut part fan Euraazje en dielen fan Noard-Amearikanet bedrige[5]
lytse kobChroicocephalus philadelphiaNoardwest-Noard-Amearika (Alaska en Kanada)net bedrige[6]
Patagoanyske kobChroicocephalus maculipennisSúdeast-Súd-Amearika en de Falklâneilannennet bedrige[7]
sulverkopmiuwChroicocephalus novaehollandiaeAustraalje, Nij-Seelân en omlizzende eilannennet bedrige[8]
swartsnaffelmiuwChroicocephalus bulleriNij-Seelângefoelich[9]
tinsnaffelmiuwChroicocephalus geneiSúd-Jeropa, Súdwest-Aazje en dielen fan Afrikanet bedrige[10]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: