Quentovic



Quentovic (foarme Ășt Quentia en vicus) wie de wichtichste hannelstĂȘd en haven yn de Iere Midsiuwen yn it noarden fan Frankryk. It wie fan de sĂąnde oant de njoggende iuw njonken DoarestĂȘd ien fan de wichtichste Frankyske seehavens yn it noarden. Yn de stĂȘd waarden munten slein. Quentovic wie in wichtich tuskenstop fan pylgers Ășt IngelĂąn Ă»nderweis nei Rome. De stĂȘd lei op it gebiet fan de gemeente La Calotterie yn it departemint Pas-de-Calais.
De plaknamme betsjut "Delsetting oan de Canche". De Canche (Latyn: Quentia) is in lytse rivier mei in grutte mĂ»ning, sa'n 29 km besuden Boulogne-sur-Mer. Quentovic waard foar it earst neamd yn in oarkonde fan kening Dagobert I. Hannelers, dy't yn Quentovic delstrutsen wiene benammen Franken, Angelsaksen en Friezen. Skiedkundigen hawwe foar in lange tiid leaud, dat Quentovic nei it plonderjen troch Wytsingen yn 842 ferlitten waard. Troch Ă»ntdekking fan de muntskatten yn FĂ©camp spruts dy teory tsjin en toande oan dat Quentovic oant yn de earste helte fan de tsiende iuw as muntstĂȘd fierder bestie. In ferklearring foar it lettere ferdwinen fan de stĂȘd koe de fersĂąning fan de riviermĂ»ning fan de Canche wĂȘze. It is ek mooglik dat troch it waaksen fan Montreuil de Ă»ndergong fan Quentovic ferhastige hat.
Der is lang nei de ferdwĂ»ne stĂȘd socht. Ferskate plakken wurde as it pal dĂȘr't Quentovic lein hat foarsteld. Yn 1985 stelden argeologen de teory foar, dat Quentovic flakby Montreuil lei. Ofgravings hawwe oantoand dat der keramyk-, tekstyl-, glĂȘs- en metaalferwurking, as ek bonke- en geweibewurking plakfĂ»n op it plak tusken de sĂąnde en alfde iuw.
Yn 2009 waarden by opgravings oan de Chemin de Vismarais yn La Calotta op in oerflak fan in oardel bunder tĂ»sen struktueren Ășt de Lette Midsiuwen Ă»ntdutsen. Ek waarden der 30.000 resten fan sĂ»chbisten fĂ»n, dĂȘr't men de konklĂșzje lutsen hat oer de ytgewoanten fan de befolking. Hja ieten in soad kowe- en bargefleis. Der wie lykwols net in soad fisk fĂ»n. Mei it bytsje resten fisk dat fĂ»n waard, giet it banammen om fisk, dy't oan de kust of de riviermĂ»ning fongen waard.
It "Argeologyske Museum Quentovic" yn Etaples behannelet de skiednis fan de riviermûning fan de Canche fan prehistoarje oant de Lette Midsiuwen.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stéphane Lebecq, Bruno Béthouart & Laurent Versype: Quentovic. Environnement, archéologie, histoire 2006. ISBN 978-2-84467-123-3
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen, noaten en oare literatuer, sjoch ûnder Einzelnachweise op dizze side |