Springe nei ynhâld

Skatekster

Ut Wikipedy
skatekster

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljewurgerfûgels (Laniidae)
skaaiwurgers (Lanius)
soarte
Lanius collurio
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel
     wintergast

De skatekster (Lanius collurio) is in fûgel út it skaai fan 'e wurgers yn 'e famylje fan 'e wurgerfûgels.

Jonge fûgel

De skatekster is sawat 16–18 sintimeter lang en weaget 22–47 gram. Hy hat in krêftige, bûge snaffel mei in heak. De sekse ferskilt yn kleur. Mantsjes binne goed te werkennen troch de grize kop, nekke en stút, de readbrune rêch en brede swarte eachstreken. De sturt is swart mei oan 'e basis wite rânen. Wyfkes ha brune boppedielen, in ljochtere griisbrune nekke en stút en donkere eachstreken. De ûnderkant is ljochtgriis en skobbich. Jonge fûgels lykje op de wyfkes, mar binne ek op 'e boppedielen skobbich tekene.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skatekster is in trekfûgel en is yn Jeropa te finen fan ein april oant septimber. Hy briedt yn grutte dielen fan Jeropa, noardlik oant Skotlân, Midden-Sweden en súdlik Finlân. Yn Súd-Jeropa ûntbrekt de fûgel op it grutste diel fan it Ibearysk skiereilân. Bûten Jeropa briedt de fûgel yn westlik Sibearje, fan it Oeralberchtme oant it Altai-berchtme en yn Foar-Aazje fan súdlik en eastlik Anatoalje oant noardwestlik en noardlik Iran en op 'e Krim. De skatekster oerwinteret yn eastlik en súdlik Afrika. De trekrûte giet oer Súdeast-Jeropa en Súdwest-Aazje.

Foarhinne waard de skatekster opdield yn ferskate ûndersoarten, mar wurdt no meastentiids as monotypysk beskôge.

Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rûchwei komme de measte fûgels fan 'e skatekster yn 'e eastlike helte fan Nederlân foar. De fûgel briedt yn 'e heide- en feangebieten en yn in lytsskalich agrarysk lânskip mei hagen en beammen. Yn 'e jierren 1980 ferdwûn de fûgel yn' e dúngebieten en op 'e Waadeilannen, mar sûnt 2010 briede dêr wer fûgels. Oant it begjin fan 'e 20e iuw telde de Nederlânske briedpopulaasje nei alle gedachten in pear tûzen pearkes, mar nei 1950 begûnen de oantallen rap te sakjen. In djiptepunt wie yn 1985 doe't der noch mar 100 pearkes wiene yn it Drintske Bargerfean. Sûnt binne de oantallen wer tanommen troch foar de fûgel geunstige drûge simmers en terreinbehear oant krapoan 1000 pearkes (2024). Yn Fryslân wurde de measte skateksters yn it súdeasten en it Lauwersmargebiet oantroffen.

De skatekster libbet yn iepen lânskippen mei strûken, hagen, beammen en boskrânen mei in soad ynsekten. Hy jout de foarkar oan toarnige strûken (bygelyks hagtôrn en slachstôrn), benammen oan de ein fan in hage. It iten bestiet út grutte ynsekten, en minder faak út lytse wringedieren, soms lytse mûskes, lytse hagedissen, kikkerts of jonge fûgels.

Hy sit opfallend op in útsjochtpost de omjouwing te obstrewearjen nei proaien. As er wat foar syn gading sjocht sjit er as in spear nei de grûn en nimt dy mei werom nei de útsjochpost en spytst dy op in toarn of by need op stikeltried, sadat er ek te iten hat op dagen mei in min oanbod. Dielen dy't min te fertarren binne wurde as braakboltsjes wer útspuid.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De briedtiid begjint yn maaie en der is mar ien lechsel yn it jier. As in lechsel ferlern giet, kin der noch in twadde briedtiid oant yn july komme. De skatekster bout syn nêst yn tichte strûken of beammen, en kiest benammen toarnich hout. It nêst is skaalfoarmich en wurdt troch beide partners boud fan planten, tinne tûken en moas en wurdt fan binnen mei fearren beklaaid.

Aaien.

It wyfke leit fjouwer oant sân sawat 23 millimeter grutte aaien fan ferskate kleuren, brúngiele, gielwite, grien- of readeftige, mei brune of grize plakken. De aaien wurde troch it wyfke sawat twa wiken bebret. Al nei twa wiken ferlitte de jonge fûgels it nêst, mar bliuwe noch in pear wiken by de âlden.

De skatekster is nei ien jier geslachtsryp en wurdt likernôch seis jier âld.

De skatekster hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasjetrend stabyl is. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken 21,9 en 34,7 miljoen folwoeksen fûgels.

Opfallende biotoopferliezen hawwe lykwols plakfûn oan 'e noardlike grinzen fan it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte, wat de populaasjes dêre negatyf beynfloede hat. Op de Britske Eilannen bygelyks is de skatekster gjin fêste briedfûgel mear. De oarsaken fan 'e tebekgong, dy't yn hiel Jeropa plakfûn hat, binne foar in diel de feroaring fan 'e lânskipsstruktuer feroarsake troch bygelyks it romjen fan hagen en beamgroepen by ikkers, en it gebrûk fan bestridingsmiddels yn 'e lânbou.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: