Tsjotter


In tsjotter is de lytste fan de iepen rĂ»ne Fryske sylboaten mei in lingte oer de stjĂ»ne fan heechĂșt 5,4 m.
It houten skipke hat gjin berchhouten, klĂ»sboerden en bearetosken. It hat in breed roer. De kop fan it roer is fakentiden fersierd is mei in klik wĂȘryn in fĂ»gel Ăștstutsen is.
Oarspronklik waard de tsjotter brûkt foar lytsskealich ferfier fan fracht en persoanen yn de tiid dat der noch mar in bytsje ferbinings oer de dyk wienen. Omdat der yn Fryslùn in soad ûndjip wetter is hawwe tsjotters en oare platboaiems swurden.
In tsjotter mei de maat 4,8 m Ă 2,4 m wurdt in fjouweracht neamd. De sylskoalle fan de jeugdherberch 't Beaken yn Heech jout lessen yn autentike tsjotters. Yn Heech is boppedat houtboumuseum De Helling wĂȘr't noch tsjotters boud wurde by de werf fan Pier Pieter Piersma.