Wytsturtljip
| wytsturtljip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Fûgel yn Pakistan. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vanellus leucurus | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De wytsturtljip (Vanellus leucurus) is in fûgelsoarte yn it skaai ljippen (Vanellus) út de famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De specifike namme ferwiist yn it Aldgryksk nei "wytsturt": (leukos = wyt, ouros = sturt).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wytsturtljip is in slange en middelgrutte ljip fan 26 oant 29 sm lang mei in rjochte hâlding. De poaten binne giel en lang en de snaffel is foar in ljip ek frij lang en donker. De folwoeken fûgel hat brúngrize boppedielen, in brúngrize nekke en in ljocht gesicht, in griis boarst en in wite búk en ûnderbúk. De sturt is folslein wyt en it wjukpatroan is kontrastearjend brún, wyt en swart. Jonge fûgels binne bleker en ha in bûnte rêch en de sturt ha brune markearings.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt fan Súdwest-Aazje oant Sintraal-Aazje. Mear spesifyk komt er foar yn Turkije en selden yn 'e Kaukasus en fan it súdeastlikste Jeropeeske diel fan Ruslân, Iran, Irak en Syrje oant Kazachstan, Oezbekistan en Turkmenistan. Hy wurdt ek lokaal yn Jordaanje en yn 'e Golfsteaten eastlik oant de Feriene Arabyske Emiraten waarnommen. Sa út en troch briedt de fûgel yn Roemeenje, de Oekraïne en Koeweit.
De populaasjes yn Irak en Iran binne meast stânfûgels, wylst oare populaasjes by't winter nei it suden migrearje nei Súd-Aazje, it Midden-Easten en noardeastlik Afrika.
De fûgel is in seldsume swalker yn West-Europa en der binne ek waarnimmingen dien yn Nederlân. Yn july 2025 waard de fûgel by Iezumakeech by de Lauwersmar waarnommen.[1]
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytsturtljip briedt yn lytse, tinbefolke koloanjes yn sompige gebieten yn it binnenlân. By de migraasje rêst er faker by rivieren, kanalen en sletten mei in soad fegetaasje yn stee fan by iepen gebiet by wetter. Hy leit fjouwer aaien yn in nêst dat op 'e grûn leit. De wytssturtljip is de iennige ljip dy't yn wat djipper wetter wâldet, dêr't er nei ynsekten en oare lytse proaien fan it wetteroerflak siket.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytsturtljip is in soarte dy't opnommen is yn 'e Afrikaansk-Euraziatyske oerienkomst oer wetterfûgels (AEWA). De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt op 20.000 oant 130.000 fûgels rûsd (Wetlands International 2015).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Ljip
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
