Springe nei ynhĂąld

Ahch-To

Ut Wikipedy
Ahch-To sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015).

Ahch-To (Ăștspr.: [ˈaːʃtə], likernĂŽch: "aasj-tuh")[1] is in fiktive planeet Ășt 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Ahch-To makket diel Ășt fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e krite fan it Stjerrestelsel dy't bekend stiet as de Unbekende Regioanen. De planeet rĂ»ntsjedraait om in binĂȘre stjer hinne en hat sels ien moanne. It oerflak is alhiel oerdutsen troch oseĂ€nen, mei hjir en dĂȘr wat fulkanyske eilannen. De atmosfear is sykhelber foar de measte libbensfoarmen.

De lĂąnseigen fauna op Ahch-To bestiet foar it meastepart Ășt fisken en oar seelibben. Op 'e eilantsjes libje in protte porgs, dy't op 'e rotsen nĂȘstelje. DĂȘr libje ek de Thala-sirenen, sĂ»chdieren dy't de rotsige kusten fan 'e eilantsjes besykje om it libben te skinken oan harren jongen. De lĂąneigen floara bestiet Ășt beammen, lytsere planten en moas. Der hat him op Ahch-To ek in yntelliginte soarte bĂ»tenierdske wĂȘzens Ă»ntjĂ»n, de Lanai.

Ahch-To is it plak dĂȘr't de Jedi Oarder oprjochte is, 25.000 jier foarĂŽfgeande oan 'e foarfallen yn 'e Skywalker Saga. Omreden fan 'e geheimen dy't dĂȘr ferbĂąn mei holden, waard de lokaasje fan Ahch-To foar de rest fan it Stjerrestelsel ferburgen. De planeet waard Ășteinlik, nei tĂ»zenen jierren, werĂ»ntdutsen troch de Jedi-master Luke Skywalker, mei de help fan 'e Ă»ntdekkingsreizger Lor San Tekka. Nei it jammerdearlik mislearjen fan syn weroprjochting fan 'e Jedi Oarder loek Skywalker him yn selsopleine ballingskip op Ahch-To werom.

De film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens lit de syktocht fan it Ferset sjen nei de lokaasje fan it ballingsoard fan Skywalker, waans stipe ferlet fan is om 'e faksistoĂŻde en diktatoriale Earste Oarder te ferslaan. Uteinlik wurdt alle sykjen beleanne, en oan 'e ein fan 'e film reizgje de Wookiee Chewbacca, de robot R2-D2 en de jonge KrĂȘftgefoelige frou Rey nei Ahch-To ĂŽf, dĂȘr't se Skywalker oantreffe.

Yn 'e ferfolchfilm Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) is te sjen dat dyselde hielendal net sit te wachtsjen op besite. Hy is ferbittere rekke en wisberet om 'e Jedi Oarder Ăștstjerre te litten. Mei muoite witte Rey-en-dy him op oare gedachten te bringen. Nettsjinsteande dat beslĂșt er neitiid de oerĂąlde holle beam dy't de ierste boeken fan 'e Jedi befettet, plat te baarnen. Letter docht bliken dat Rey de boeken rĂȘden hat. Sy keart werom nei Ahch-To yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), as se troch de dea fan Leia Organa troch skuldgefoelens tramtearre wurdt. It is har bedoeling om har dĂȘr, krekt as Skywalker foar har, yn selsopleine ballingskip werom te lĂ»ken, mar Skywalker, dy't no in geast yn de KrĂȘft is, praat har dat Ășt 'e holle.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Utspraak fan "Ahch-To" op YouTube

planeten Ășt Star Wars
Ahch-To ‱ Alderaan ‱ Bespin ‱ Cantonica ‱ CereÀ ‹ Champala ‱ Christophsis ‱ Corellia ‱ Coruscant ‱ Crait ‱ Dagobah ‱ Dathomir ‱ Dorin ‱ D'Qar ‱ Eadu ‱ Endor ‱ Exegol ‱ Geonosis ‱ Glee Anselm ‱ Hoth ‱ Iktotch ‱ Iktotchon ‱ Iridonia ‱ Jakku ‱ Jedha ‱ Kalee ‱ Kamino ‱ Kashyyyk ‱ Kef Bir ‱ Kessel ‱ Kijimi ‱ Lah'mu ‱ Lannik ‱ Malastare ‱ Mandalore ‱ Mimban ‱ Mirial ‱ Mon Cala ‱ Mustafar ‱ Naboo ‱ Nal Hutta ‱ Nar Shaddaa ‱ NeimoĂŻdia ‱ Pasaana ‱ Quermia ‱ Ryloth ‱ Savareen ‱ Scarif ‱ Shili ‱ Takodana ‱ Tana ‱ Tatooine ‱ Thisspias ‱ Tholoth ‱ Toydaria ‱ Utapau ‱ Vandor ‱ Yavin