De Zilk
| De Zilk | ||
| Hillich Herttsjerke | ||
| Bestjoer | ||
| LĂąn | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.355 (2023)[1] | |
| Oerflak | 5,17 kmÂČ (5,11 kmÂČ lĂąn, 0,06 kmÂČ wetter) | |
| Befolkingsticht. | 456 ynw. /kmÂČ | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | N206 | |
| Postkoade | 2161, 2182 | |
| Netnûmer | 0252 | |
| TiidsĂŽne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 52° 18' NB 4° 33' EL | |
| Kaart | ||
De Zilk is in doarp yn de gemeente Noardwyk yn de NederlĂąnske provinsje SĂșd-HollĂąn. Foar 2019 wie it doarp part fan de gemeente Noardwikerhout dy't doe mei Noardwyk fusearre. It doarpsgebiet grinzget oan it doarp Vogelenzang yn Noard-HollĂąn en Hillegom. De Zilk hat 2.355 ynwenners (2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It doarp waard foar it earst neamd yn 1399 as De Zillic dĂȘr't trije komponinten yn te Ă»nderskieden binne: it lidwurd De, it foarheaksel Zil en it efterheaksel lic.
Yn de iistiid Ă»ntlutsen de gletsjers in soad wetter oan de oseanen, dĂȘr't de Noardsee alhiel by drĂ»chfallen wie. Troch ynfloed fan hegere temperatueren teiden de gletsjers en folle de Noardsee fannijs op mei wetter. Troch it wikselwurkjen fan wyn, wetter en sĂąn Ă»ntstie de earste strĂąnwĂąl op de line Sassenheim, Lisse en Hillegom. WWestlik dĂȘrfan, op de line De Zilk en Noardwikerhout, Ă»ntstie in lytse strĂąnwĂąl. Westlik dĂȘr wer fan foarmen tige brede strĂąnwĂąlen, dy't har lang om let ta in oanienwei sletten Ășt dunen besteande kuststripe Ă»ntjoegen.
Om likernĂŽch 2000 f.Kr. hinne hie de see by de riviermĂ»ning by Katwyk frij tagong ta it leger lizzend gebiet tusken de dunen. By floed rĂ»n dat gĂąnse gebiet Ă»nder wetter. DĂȘr wie in grutte kwelder dy't foarby De Zilk rĂ»n. It leger lizzend gebiet westlik fan de saneamde "Kleine Zilk" hat iuwenlang in lytse kwelder, oant it stuit dat de iepening by Katwyk foar it grutste part ticht rekke en it seewetter net langer tagong ta de kwelders hie. DĂȘrnei hat it oerbliuwende seewetter him sammele op de leechste plakken. Ek yn De Zilk wie der in natuerlike wetter. It efterbleaune seewetter krige njonkelytsen in leger sĂąltgehalte en waard brak sĂȘltich wetter. It is mooglik dat it foarheaksel Zil ĂŽflaat is fan it sĂąlt (zilt) wetter. It efterheaksel lic sil mooglik besibbe wĂȘze oan it wetter, ek wol leeck of leek neamd. In leek is in natuerlike wetterrin, ferlykje Like, Luts. De Zilk betsjut dus "sĂąlte wetter(rin).[2]
Hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Zilk leit yn 'e DĂșn- en Bollekrite en de blombolletylt spilet al lang in wichtige ekonomyske rĂŽl op it mĂȘd fan de ekonomy. Benammen hyasinten, narsissen en tulpen wurde ferboud. De grutte bollekwekers hawwe fan oarsprong har bedriuw yn Kleine Zilk en de wurklju yn de Grote Zilk.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e rĂąne fan it doarp stiet de Hillich Herttsjerke, in roomsk-katolike neogoatyske trijeskippige krĂșstsjerke, dy't yn 1919-1920 boud waard. Yn 1922 waard de tsjerke fergrutte en yn 1928 waard de toer boud. Yn 1920 waard de tsjerke yn gebrĂ»k nommen en wijd oan it Hillich Hert fan Jezus.
Oarspronkik hearen de katolike ynwenners ta de parochy fan Vogelenzang. Hjoed-de-dei wurdt de tsjerke brĂ»kt troch de Willibrordusparochy, in fĂșzjeparochy dĂȘr't de parochys fan Hillegom, Lisse en De Zilk sĂ»nt 1 jannewaris 2010 yn opgien binne. It tsjerkegebou is in gemeentlik monumint.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Zilk fan Wikimedia Commons. |
| Gemeente Noardwyk | ||
|---|---|---|
| Kearnen: Noardwyk-Binnen (bestjoerssintrum) âą Noardwyk oan See âą Noardwikerhout âą De Zilk | ||