Springe nei ynhâld

Haulerwyk

Ut Wikipedy
Haulerwyk
Haulerwykster Feart yn Waskemar
Haulerwykster Feart yn Waskemar
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal3.180 (1 jannewaris 2025)[1]
Oerflak10,38 km², wêrfan:
- lân: 10,30
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht.308 ynw./km²
Oar
KoÜrdinaten53° 03' N 6° 16' E
Offisjele webside
www.haulerwijk.nl
Kaart
Haulerwyk (Fryslân)
Haulerwyk

Haulerwyk is in doarp yn 'e gemeente Eaststellingwerf oan de noardkant fan de Tsjonger. It plak grinzet oan 'e provinsje Drinte en leit ticht by it punt dêr't de trije provinsjes (Grinslân, Fryslân en Drinte) byelkoar komme. Yn 1880 waard Haulerwyk in selsstannich doarp, dêrfoar waard de befolking by De Haule rekkene. Yn 2006 hat it doarp syn 250-jierrich bestean fierd. Haulerwyk hat trije buorskippen: Elleboog, Koudenburch en Rolpeal. Haulerwyk is ien fan de doarpen fan Eaststellingwerf dêr't it Frysk de fiertaal is.

Haulerwyk hat 1.580 (1 jannewaris 2025)[2] ynwenners.

It doarp is Ăťntstien yn it jier 1756 en hat syn bestean te tankjen oan it Ăťntginnen fan it fean, dat yn dit gebiet op grutte skaal plak fĂťn hat. De oanlis fan de Haulerwykster Feart Ăşt Waskemar (dat doe noch Beneden-Haulerwyk hiet) wei nei Boppe-Haulerwyk (tsjintwurdich Haulerwyk) hat yn 'e earste jierren foar de tagonklikens fan it gebiet soarge. Troch de ferbining fan dy feart mei Drachten en Assen koe eartiids it stutsen turf mei in snikke ferfierd en ferkocht wurde. De bewenners hiene it tige earm mar opskuor lykas yn Appelskea hat der net west. Faaks hie dat te krijen dat de feanterij al yn de jierren 1870-1890 Ă´fnaam en in soad feanarbeiders nei Appelskea ferhĂťzen.

It doarp Ýntwikkele him by de feart lâns en dy lintbebouwing is dan ek byldbepalend yn it lânskip. Letter yn 'e tiid hat it ferfier oer de wei en de opkomst fan de lânbou it lânskip fierder foarme. De oanmakke grÝn waard brÝkt foar molkfee en lânbou (hjoeddeis foaral mais en jirpels). De (hannels)rÝte nei Grins hat derfoar soarge dat der in kearn yn it doarp Ýntstien is.

SĂťnt 1829 hiene de Haulerwykster bern in eigen skoalle. De skoalle waard yn 1858 ferfongen troch in oare skoalle, dy't yn 1878 fergrutte waard. In kristlike skoalle folge yn 1896 tusken Waskemar en Haulerwyk yn en yn 1919 krigen de twa doarpen elk in eigen kristlike skoalle.

De herfoarme tsjerke; tsjintwurdich PKN.

Tsjerklik hearde Haulerwyk by de herfoarme gemeente Donkerbroek-Haule. Yn 1852 waard Ăştein set mei de bou fan in eigen herfoarme tsjerke. Al ier wie der yn 1837 in Ă´fskieden gemeente as kombinaasje mei Donkerbroek en noch foar de bou fan de herfoarme tsjerke krige Beneden-Haulerwyk (Waskemar) in eigen Ă´fskieden tsjerke, dy't yn 1876 troch in nije tsjerke ferfongen waard. Yn 1929 waard ek dat tsjerkegebou ferfongen troch de tsjerke dy't hjoeddedei de Oerdracht hjit. Yn 1867 waard ek in Frije Evangelyske gemeente stifte, dy't him yn 1880 by de baptisten oanslette.

Yn 'e lĂŞste jierren fan de 19e iuw krige it doarp ek in bĂťterfabryk, sĂťnt 1904 in koĂśperative feriening mei de namme 'De Eendracht'. Yn 1907 waard it fabryk opheft en gearfoege mei it suvelfabryk 'Hoop op Zegen' yn Waskemar, dy't hjoed-de-dei ek net mear bestiet.

Haulerwyk ha twa stellingmÝnen hân: de mÝne fan Ritsema út 1881,[3] dy't yn 1920 ôfbrutsen waard en de mÝne fan Van der Wal út 1853, dy't yn 1929 foar ôfbraak ferkocht waard.[4]

Yn 1880 waard Haulerwyk in selsstannich doarp en sĂťnt de iuwwikseling naam de befolking wer ta. Yn it sintrum fan it doarp hat eartiids in brĂŞge west, dy't wichtich wie foar it trochgeande ferkear. Earst wie dat in klapbrĂŞge en letter in fĂŞste brĂŞge. De brĂŞge waard letter ferfongen troch in lange dĂťker, dĂŞr't hjoed-de-dei in rotonde op leit.

De yn 2008 boude klokkestoel fan Haulerwyk

Der is in aktyf ferieningslibben mei in ferskaat oan aktiviteiten. Foarsjennings (de skoalle, it pjutteboartersplak, de bibleteek, de speel-o-theek, Pleatslik Belang mei in tsiener-/jongereinromte, de thĂşssoarch mei in konsultaasjeburo binne Ăťnderbrocht yn it multyfunksjonele akkomodaasje 'De Boekebeam'. It doarp hat in skeelerbaan.

De feriening foar Pleatslik Belang hjit De Foarútgong en it doarpshûs De Enter. De Streekkrante is te finen op ynternet. By it doarp leit sportsintrum De Hichte en binnensporten wurde dien yn De Bongerd. Om de fiif jier is der in doarpsfeest, der is ek in Stifting Evenemintenterrein Haulerwyk. De Haulewelle is it iepenloftswimbad. De filmwurkgroep Haulerwyk hat in filmsearje fan 4 dielen makke: HAULERWIJK IN OUDE BEELDEN. Dêrneist is yn 2006 ek noch in CD makke mai as titel “Alles draait om dokter Beumer”.

De Oerdracht (earder de grifformearde tsjerke)

Fierder is der in Keninkryksseal, dĂŞr't de Jehova's TsjĂťgen gearkomme.

  • Basisskoalle 'De Laweij'.
    De skoalle Ăťnstie yn 2018 troch in fĂşzje fan de iepenbiere basisskoalle 'It Twaspan' en de kristlike basisskoalle 'De Schalmei'. De grifformeard-frijmakke skoalle 'De Rank' moast yn 2014 de doarren slute.

Sjoch ek op de side fan Haulerwyk foar de aktuele list fan ferieningen

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1954195919641969197420062009*2010*
Ynwenners2.4812.4412.4842.5532.7263.3133.260*3.263*
Jier20152020
Ynwenners3.1883.245

(*) Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010

Blauwe Bosk

Haulerwyk leit yn de Fryske Wâlden tsjin de Drintske grins oan. It lânskip is boskich mei dobben en skiere útsichten. By it doarp leit de Blauwe Bosk. Dat bosk is Ýngefear 300 ha grut en bestiet út heide, dobben en nuddelbeammen en leafbeammen. Yn in straal fan 10 km is der mear natuergebiet te finen, lykas de Bakkefeanster Dunen, de Liekster Mar, de Zuurse Dunen, Mensinge-Havesathe, it Noarger Esdoarpen Gea, it Fochtelerfean, it Drintsk-Fryske Wâld en de Duerswâldmer Heide mei de Alde Bosk fan de Slotpleats yn Bakkefean.

Troch Haulerwyk rinne de folgjende buslinen:

De buslinen troch Haulerwyk wurde fersoarge troch Qbuzz, sawol bussen fan de konsesje Fryslân as de konsesje Grinslân-Drinte (line 85).

De Strjitten yn Haulerwyk

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen, Dr. T.H. Oosterwijk, 1986, Stichting Stellingwarver Schrieversronte
  1. ↑ https://opendata.cbs.nl/statline
  2. ↑ https://opendata.cbs.nl/statline
  3. ↑ Molendatabase
  4. ↑ Molendatabase

Eaststellingwerf
Doarpen en Ăştbuorrens:
Aldeberkeap • Appelskea • Donkerbroek • Easterwâlde • Elslo • De Fochtel • De Haule • Haulerwyk • Langedike • Makkingea • Nijeberkeap • Ravenswâld • Waskemar
Buorskippen:
Aakingea • Alde Willem (foar in part) • Bekhof • Bentemaden • Boekhorst • Boppefjild • Bûteheidefjild • Buttingea • Deddingabuert • Ellebooch • Egypte • Feanebuorren • Feanekoaten • Frankryk • Hegeduerswâld • It Hegesân • Janssenstifting • Kanada • Klazingea • Kninebuert • De Knolle • De Kolannen • Koudenburch • Legeduerswâld • Medhuzen • De Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • Nanninga • Nije Feart • Petersburch (foar in part) • Prandingea • De Riete • Rolpeal • Skottelenburch • Skrappingea • Súdhoarne • Terwisscha • Trije Tolhikken • Tronde • Twitel • De Weper • Weperpolder • Willemstêd
¡ ¡ Berjocht bewurkje