Oglala

De Oglala (Ingelsk: Oglala, Ăștspr.: [oÉĄÉ'lala]; Lakota: OglĂĄla, Ăștspr.: [oÉĄ'la:la]) binne ien fan 'e sĂąn substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e SĂ», in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernĂŽch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De SĂ» binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger Ăștfochten, en de Oglala wiene dĂȘr oan kop en earen ta yn behelle.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eigen namme fan 'e Oglala, OglĂĄla, betsjut mooglik "Dy't Harsels Fersilje". Yn it Ingelsk wurdt de namme ek wol stavere as Ogallala of Ogalala, mei in lĂ»d ynfoege tusken de "g" en de "l" om foar Ingelsktaligen de Ăștspraak makliker te meitsjen, mar dy staveringswizen binne yn prinsipe fout, en wurde troch de Oglala Ă»nderfĂ»n as Ă»nfatsoenlik. Mei de Brulee, in oare substamme fan 'e Lakota, binne de Oglala it naust besibbe, en tegearre wurde de beide substammen wol de SĂșdlike Lakota neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoarysk wiene de Oglala ferdield yn trije haadtroepen, de Kiyuksa, de OyuÈpe en de Wiere Oglala. Elts fan dy haadtroepen wie wer Ă»nderferdield yn lytsere troepen of klans, en dy klans wer yn famyljegroepen. Under de ferneamde Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waarden de Oglala oanfierd troch MĂąl Hynder, ien fan 'e bekendste Yndiaanske opperhaden Ășt 'e skiednis fan Noard-Amearika. De Oglala spilen bygelyks de haadrol yn 'e legindaryske Slach oan de Little Bighorn, dĂȘr't se, yn 'e mande mei oare Lakota-stammen, de Noardlike Sjajinnen en party Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7de Kavaleryrezjimint fan generaal George Armstrong Custer fersloegen. Mei de HĂ»nkpapa, in oare substamme fan 'e Lakota, wiene hja de lĂȘsten fan 'e SĂ» dy't harren Ă»nder it Amerikaanske bewĂąld yn 'e reservaten deljoegen.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed de dei libje de Oglala frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is yn prinsipe Ă»nbekend, mei't se sĂ»nt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Lykwols stiet fĂȘst dat de federaal erkende Oglala SĂ» Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan SĂșd-Dakota (Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota), mei 47.000 leden, op in lyts groepke Brulee nei folslein Ășt Oglala bestiet. In lyts espeltsje Oglala is fierders lid fan 'e Rosebud SĂ» Stamme (Rosebud Sioux Tribe), fan it Rosebud Yndianereservaat (Rosebud Indian Reservation) fan SĂșd-Dakota, mei 24.000 leden. Yn acht nommen dat net alle etnyske Lakota by ien fan 'e stamme-organisaasjes oansletten binne, soe men sadwaande in foarsichtige skatting meitsje kinne dat der tsjintwurdich krapoan 50.000 Oglala wĂȘze moatte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.
|
