Springe nei ynhĂąld

Akkrum

Ut Wikipedy
Akkrum
Buorren
Buorren
Emblemen
               
Bestjoer
LĂąnflagge fan NederlĂąn NederlĂąn
Provinsje FryslĂąn
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal3.275 (1 jannewaris 2025)[1]
Oerflak11,92 kmÂČ, wĂȘrfan
- lĂąn: 11,18 kmÂČ
- wetter 0,73 kmÂČ
Befolkingsticht.296 ynw./kmÂČ
Oar
TiidsĂŽneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 02' N 5° 50' E
Kaart fan Akkrum
Kaart fan Akkrum
Offisjele webside
akkrum.net
Kaart
Akkrum (FryslĂąn)
Akkrum

Akkrum is in doarp yn it noardwesten fan de gemeente It Hearrenfean. Akkrum foarmet tegearre mei Nes in twillingdoarp.

It doarp hat 3.275 (1 jannewaris 2025)[2] ynwenners.

Akkrum is Ă»ntstien tusken twa streamen, de Boarn en de Trigreppel. It Ăąldste diel fan it doarp bestiet Ășt It Heechein, de Wide Steech, de Dringelstrjitte en de Boeresteech dy’t foar in part tsjin de terp midden yn it doarp lizze. De terp mei in hichte fan 2,7 m is Ă»ntstien tusken 525 en 725. [3] De Ăąlde Slachte waard oer de terp lein en waard letter doarpsstrjitte.

Eartiids stiene yn en om Akkrum sa’n tweintich pleatsen, dĂȘr’t njonkelytsen huzen tusken boud waarden, sadat fan in doarp sprutsen wurde koe. It bestean fan pleatsen tusken de gewoane bebouwing kin grĂ»n jaan oan de hypoteze, dat de boeren de earste bewenners west ha: dat wiene grif de feeboeren, omdat it soarte grĂ»n fan de Lege Midden him net lient foar bougrĂ»n. It plak dĂȘr’t se har ta wenjen setten hie in reden: tusken twa wetters, oan in terp, befeilige troch de Slachte tsjin it wetter fan de Middelsee en de Boarn en boppedat mei rĂ»nom greide. It is net goed te sizzen yn hokker jier fan in doarp sprutsen wurde koe. Der kin heechĂșt oannomd wurde dat om de tolfte iuw Ăștwreiding fan bewenning west hat en dat doe Ășt de eardere delsetting in doarp fierder groeid is oan de Leppedyk noard fan de Boarn. Om 1500 hinne is it Ăąlde Akkrum delbaarnd, mar it is wer opboud.

De namme waard wol skreaun as Ackrom, Ackerem, Aeckerem, Ackerum, Ackerim en Accrum. It Ă»ntstean fan de namme is net dĂșdlik. De Encyclopedie van Friesland (1958) jout oan, dat dy “misschien” ‘op de Akker’ of ‘it hiem fan Akker”, (in persoansnamme) betsjut. Ek dr. J. de Vries wiist op it lĂȘste. Dr. Buitenrust Hettema hellet de Aldgermaanske namme “Akke” derby. Gildemacher tinkt oan de Ăąldfryske namfalsĂștgong yn it meartal –en of –um. It earste stikje soe weromgean kinne op ake ‘fiskdaam’. De namme soe dan soksawat betsjutten ha as ‘by de fiskdamen’. Yn FryslĂąn binne mear fan soksoarte nammen foar lykas yn De Ake, in oare namme foar it Miedumer Djip. Yn de Fryske Nammekunde 2 wiist Sipma it Aldfryske wurd “Ake, Aeke of Aecke, dat wetter betsjut, sĂ»nder dat lykwols yn ferbĂąn te bringen mei de doarpsnamme Akkrum, mar as “Hiem oan it Wetter, mooglik ferhispele ta “Aeckerem” (1452) wol taheakke wurde kin oan de list fan Ă»nderstellingen. Direkt oan de namme keppele is de namme fan Eagmaryp.

Reuzen

De aardichste ferklearring fan de namme komt Ășt in folksferhaal: Yn it reuzeteltsje binne twa reuzen de Boarn oan it graven. As de iene efterom sjocht stint er: "A, krom". DĂȘrfandinne de namme Akkrum en ek de Kromme Knilles. Jan de Wit makke nei oanlieding fan it teltsje foar Akkrum in keunstwurk fan de twa reuzen, dat oan It Stalt stiet.[4]

It ùlde gemeentehûs fan Utingeradiel

Akkrum wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 it haadplak fan de gemeente Utingeradiel. DĂȘrnei wie Akkrum in doarp yn de gemeente Boarnsterhim en nei opheffing fan dy gemeente op 1 jannewaris 2014 waard it doarp by de gemeente It Hearrenfean yndield.

Kleaster Ealsum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Kleaster Ealsum foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Justjes benoarden Aldskou lei yn de midsiuwen it tsjerkedoarp Ealsum oan de Boarn; no is it in buorskip. Koart nei 1400 is dĂȘr it dĂ»belkleaster 'Maria's hĂ»s yn Bethlehem' stifte fan de tertsjarissen of beginen. Yn 1474 waarden strangere kleasterregels ynfierd. It kleaster baarnde yn 1521 ĂŽf; it waard opnij boud, mar yn 1580 opheft.[5]

Earder yn Akkrum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Oan it begjin fan de 18e iuw waard Akkrum ferneamd troch syn eksportslachterij FCE nei Londen.
  • Yn likernĂŽch 1860 waard hjir de earste reedmakkerij fan NederlĂąn stifte: Steamreedmakkerij Ruiter.
  • Fan de likernĂŽch 60 moles dy't eartiids yn Akkrum en omkriten stiene, is allinne de Mellemole bewarre bleaun.
  • It fabryk fan UT (Ulbe Twynstra), letter UTD nei de fĂșzje mei Delfia en op’t lĂȘst Hendriks-UTD. De hege silo is ĂŽfbrutsen.
  • Boarnstee is de lĂȘste Ăștwreiding oan de eastkant by Nes.

Akkrum hat mei Nes in mienskiplik doarpsbelang (webstee). Oars as oare doarpen hiene Akkrum en Nes gjin eigen doarpshûs. Sûnt 2019 is dat feroare mei de iepening fan Doarpskeamer ED oan de Lange Miente 5.[6][7]

2023 Akkrum, protestantske Terptsjerke
  • Kristlik basisĂ»nderwiis: DĂ»mny Hasperskoalle (webstee)
  • Iepenbier basisĂ»nderwiis Akkrum (webstee)
Kanadeeskestrjitte
Pleats oan de Leppedyk

De twa basisskoallen binne sĂ»nt 2013 Ă»nderbrocht yn in nije mienskiplike lokaasje. Mei de iepening fan de nije Iepenbiere Skoallemienskip SĂąnwĂąlden yn Grou yn 2002 kaam der in ein oan it MAFU en de hĂșshĂąldskoalle yn Akkrum. Oant dy tiid, lykwols, gongen de bĂȘrn de lĂȘste skoaldei fan it jier fan skoalle, sjongend troch de buorren: "Dit giet hjoed, ja dit giet hjoed foar’t lĂȘste
 ensfh".[8]

Kafee Kromme Knilles oan it Heechein
  • Kampioenskip MĂȘstklimmen 1e sneon fan july.
  • De Fryske Dei, de earste sneon yn augustus.
  • Op 25 augustus 2007 waard foar de 25e kear it Iepen Frysk kampioenskip Slingeraap holden.
  • TĂ»nelĂ»ke - spektakel dat yn Akkrum Ă»ntstien is
  • De Shantydei, de earste sneon yn septimber.
SmellebrĂȘge en BoarnswĂąl

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier18481913195419591964196919731999
Ynwenners1.1432.0502.4912.5302.5712.5642.4913.213
Jier20032008201020152020
Ynwenners3.1843.1283.3993.4353.335

(Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Welgelegen

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Coopersburg wie in hĂ»s foar Ăąlderein Ășt 1901, stifte troch de miljonĂȘr Folkert Kuipers, “Cooper’’ op syn Amerikaansk. Mar lokaal wurdt it sein sa't it skreaun is: "Kopersburg".
  • Welgelegen mei syn teekoepeltsje Ășt de 18e iuw.
  • Yn de Terptsjerke (1759 op it Heechein sitte brĂąnskildere glĂȘzen fan Thomas en Tsjalling Gonggryp fan Snits Ășt 1761 en 1762. Yn de tsjerke is in oargel Ășt 1856 fan Van Oeckelen. Op de Terptsjerke Ășt de 18e iuw stiet (boppe it koer) in seemearman ynstee fan in hoanne. In seemearman is de tsjinhinger fan in (see)mearmin. Yn de Grykske mytology soenen seemearmannen grutte stoarmen oproppe kinne om sa skippen fergean te litten.
  • Yn de buorren fan Akkrum stiet de meniste tsjerke (Fermanje), dy’t dĂȘr al foar 1600 stien hawwe moat. DĂȘr is oan 'e ein fan de 20e iuw in oerkape leagenbankje tsjinoan setten.
  • Oan de Polsleat stiet in restaurearre spinnekopmole.
  • Museum Boere-ark - ark en wurktugen fan foar de Twadde WrĂąldoarloch, alles brĂ»kt op deselde pleats.
Coopersburg

Akkrum leit oan de Ăąlde Wei nei Oerisel en de nije A32. Dy lĂȘste giet hjir Ă»nder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Akkrum rint. Dy rivier komt as De Boarn fan Nes it doarp yn, en giet as de Kromme Knilles fierder nei Aldskou. Fierders jout de Meinesleat nei it sĂșdwesten ferbining mei de Snitser Mar en jout nei suden de Polsleat ferbining mei it Hearrenfeanster Kanaal. Eastlik fan Akkrum leit jachthaven Tusken de Marren.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek hat Akkrum in stasjon oan it Spoar fan Swol nei Ljouwert. De ferbining wurdt fersoarge troch de NS.

Troch Akkrum rinne de folgjende buslinen:

De buslinen troch Akkrrum wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten yn Akkrum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Akkrum.

Mellemole
  • De 'Palmsneinoptocht' op Palmpeaske is in Ăąlde tradysje weryn't bern mei fersierde krusen troch it doarp rinne.
  • Yn maaie 2005 waard in Winterfeest hĂąlden. Der waard snie makke en doe snieballen smiten, sniepoppen makke en mei in prikslide fan in 4 meter hege skeante roetst.
  • Akkrum foarmet de noardwestpunt fan de TurfrĂ»te.
  • It fersoargingshĂ»s Leppehiem stiet yn de wyk De Himmen.
  • SĂ»nt 1998 hat Akkrum in eigen ”wettertaksy”. Dy fart troch hiel Akkrum, om de toeristen Ășt de haven hinne en werom nei it doarp te bringen.
  • Hotel Goerres is in hotel dat al hiel lang yn Akkrum stiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It Hearrenfean
Doarpen en Ăștbuorrens:
Aldeboarn ‱ Aldhoarne ‱ Aldskoat ‱ Akkrum ‱ Bontebok ‱ Gersleat ‱ Haskerdiken ‱ Hoarnstersweach ‱ It Hearrenfean ‱ Jobbegea ‱ Ketlik ‱ De Knipe ‱ LĂșnbert ‱ Mildaam ‱ Nes ‱ NijbrĂȘge ‱ Nijhoarne ‱ Nijskoat ‱ It OranjewĂąld ‱ Terbant ‱ Tsjalbert
Buorskippen:
Aldskou ‱ Annebuorren ‱ Brongergea ‱ Burstum ‱ Easterboarn ‱ Jinshuzen ‱ Meskenwier ‱ Pean ‱ Poppenhuzen ‱ Jobbegea-Skuorregea ‱ Soarremoarre ‱ Spitsendyk ‱ Sythuzen ‱ Warniahuzen
· · Berjocht bewurkje