U. Twijnstra's Oaljefabryk N.V.


U. Twijnstra's Oaljefabryk N.V., ek bekend as UT Ășt Hendrix UTD is yn 1887 Ă»ntstien doeât Ulbe Twijnstra de oaljemole De Eendragt yn Akkrum kocht. Dy oaljemole produsearre plantaardige oalje en lynkoeke. Dy lynkoeke is de pulp dyât oerbliuwt nei it parsen fan de oalje en kin as feefoer brĂ»kt wurde. Op dizze manier wienen oaljemolens ( en sa ek UT )op twa merken aktyf. Inkele jierren nei de oankeap fan de oaljemole yn Akkrum waard ek in oajemole yn Frjentsjer kocht. Yn 1921 waard der nei in tiid fan groei in oaljemole yn Maarssen kocht en de lytse oaljemole yn Frjentsjer fan de hĂąn dien.
<
Om te profitearjen fan it mei-inoar ynkeapjen fan grûnstoffen waard der yn 1930 in gearwurking oangien mei it ynternasjonale bedriuw Unilever. De bestjoersfoarsitter fan UT, Tjeerd Jacob Twijnstra hie fan 1932 oant 1933 ek in liedingjaande rol by Unilever.
<
Yn it begjin helle UT de measte ynkomsten Ășt de oalje. De ekonomyske resesje yn NederlĂąn yn de jierren 50 soarge foar in omslach by UT fan plantaardige oaljeslaggerij nei mingfoerfabrikant. Under T.J. Twijnstra groeide U. Twijnstra's Oaljefabryk NV Ășt ta ien fan de grutste feefoerfabriken fan NederlĂąn. Yn 1963 fusearre UT mei de mingfoerĂŽfdieling fan NV Oaljefabriken CalvĂ©-Delft oant U.T.-Delfia BV (UTD).
NV Oliefabriken CalvĂ©-Delft wiene al sĂ»nt 1928 Ă»nderdiel fan Unilever. Yn 1986 waard U.T.-Delfia ferselsstannige. Nei tolve jier waard U.T.-Delfia oernaam troch Nutreco en gearfoege mei Hendrix' Voeders BV ta Hendrix UTD. Yn 2012 waard Hendrix UTD oernaam troch ForFarmers, dy 't fierder gie Ă»nder de namme ForFarmers Hendrix, wĂȘrmei 't de lĂȘste ferwizing nei Twinstra ferdwĂ»n. Yn 2015 liet ForFarmers ek de namme Hendrix falle. [1]
De fĂȘstiging yn Akkrum is ferdwĂ»n en karakteristike grutte UTD-silo waard yn 2004 delhelle, mar in strjitnamme docht noch tinken oan Ulbe Twijnstra. It fabryk yn Maarssen waard yn 1996 stillein en is dĂȘrnei omboud nei it evenemintesintrum DeFabrique. Yn 2013 waard it kompleks wurdearre as gemeentlik monumint.
|  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory UTD (Utrecht) fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
