Springe nei ynhâld

Terwispel

Ut Wikipedy
Terwispel
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal995 (1 jannewaris 2025)[1]
Oerflak16,55 km², wêrfan:
- lân: 16,12 km²
- wetter: 0,42 km²
Befolkingsticht.63 ynw./km²
Oar
TiidsĂ´neUTC +1
SimmertiidUTC +2
KoÜrdinaten53° 00' N 6° 03' E
Offisjele webside
terwispel.info
Kaart
Terwispel (Fryslân)
Terwispel
Kaart
Himrik (grien) fan Terwispel yn 'e gemeente Opsterlân

Terwispel is in doarp yn it west fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit noardwest fan De Gordyk.

Terwispel hat 995 (1 jannewaris 2025)[2] ynwenners.

Tsjerke en klokkestoel fan Terwispel, Atlas Schoemaker: Friesland, 1710-1735

Terwispel heart by de âldere delsettings fan de gemeente en hat fan oarsprong in agrarysk karakter. It wurdt nei 1315 wol as 'Wispolia, Westpalia' en 'Wyspola' skreaun. De namme soe komme fan it marke de Wide Wispel yn in sydstreamke fan it Alddjip.

Al foar 1150 hie Terwispel in tsjerke dy't op de hoeke fan de hjoeddeiske Mouwewei/Alde Dyk stie. Letter ferhĂťze de tsjerke nei De Streek. Dy tsjerke hie gjin toer, mar in klokkestoel mei trije klokken. Healwei de 19e iuw waard dy tsjerke nei swier waar brekfallich en yn 1864 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. By de bou waard doe in byldsje fĂťn fan de hillige Barbara, dy't foar de reformaasje mooglik de patroanhillige fan Terwispel west hat.

SpaltenbrĂŞge

It doarp Ýntwikkele him op it krúspunt fan De Streek (de âlde wei) en it wetter de Nije Feart. Dy Nije Feart waard om 1852 hinne groeven as Ýnderdiel fan de turfrÝte. Trochdat de feart it doarp yn twaen spjalte waard de brêge oer de Nije Feart ek wol Spaltenbrêge neamd. By de feanterij yn 1863 binne by it Alddjip wol 161 sulveren muntsjes fÝn dy't dêr nei 750 bedarre binne. Ien fan de sydstreamkes fan it Alddjip Ýntsprong tusken Terwispel en Koartsweagen. Troch de feanterij binne yn de 19e iuw ek Feanebuert, Kolderfean en De Tynje Ýntstien. De Tynje is letter los komd en waard nei 1900 in selstannich doarp.

Op de hoeke by de brĂŞge waard oan it ein fan de 19e iuw de koĂśperative suvelfabryk 'De Volharding' oprjochte. It fabryk waard yn 1970 sletten en sĂťnt brĂťkt in farvefabryk de gebouwen.

Op 15 augustus en 8 septimber 1941 stoartten rillegau efter inoar twa Britske bommesmiters by Terwispel del. Yn 'e nacht fan 14 nei 15 augustus wie dat in Whitley-bommesmiter, dy't yn 'e greide oan de Alde Dyk/Mouwewei delkaam. De fiif manlju koene op 'e tiid it tastel ferlitte en waarden kriichsfinzenen makke. De Wellington-bommesmiter stoartte yn 'e nacht fan 7 nei 8 septimber del yn in stik greide oan de Koaibosk/BrĂŞgeleane. De seis leden fan 'e bemanning kamen allegear om it libben.

Kafee SpaltenbrĂŞge

In grut part fan it ferieningslibben spilet him Ă´f yn 'Us DoarpshĂťs', sa komt ek de feriening fan Pleatslik Belang dĂŞr Oan de Smidte gear. Dat multyfunksjoneel sintrum waard yn 1987 mei in soad selswurksumheid boud.

Ienris yn de twa jier is der in doarpsfeest mei ferskate aktiviteiten. In wichtich Ăťnderdiel dĂŞrfan is de buertkamp. 'Wispelweagen' is de namme fan de doarpskrante.

Sjoch: Tsjerke fan Terwispel foar it haadartikel oer dit Ăťnderwerp.
Tsjerke fan Terwispel
  • De iepenbiere basisskoalle fan Terwispel is It Ambyld.
De Streek

Buertferienings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • BĂťtewei
  • DoarpshĂťsbuorren
  • Hiskebuorren
  • Alde Dyk/Klidze Rjocht
  • Om 'e Bocht
  • Plantsoen
  • Sinnedael ('t Feantsje, Skarlannen, De Streek)
  • Smidte
  • SpaltenbrĂŞge/Kolderfean
  • De Streek East
  • Twa yn ien
  • Unwaarskamp

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

De Streek

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier18501895195419591964196919742005
Ynwenners51924011275108810259639121002
Jier20152022
Ynwenners10291015

Berne yn Terwispel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nije Feart

De busline troch Terwispel wurdt fersoarge troch Qbuzz. De folgjende line rydt troch Terwispel:

Troch Terwispel rint de folgjende busline:

De busline troch Terwispel wurdt fersoarge troch Qbuzz.

't Feantsje, Alde Dyk, Alde Hiemen, BÝtewei, De DÝker, De Streek, De FÝnken, De Wâlden, Griene Dyk, HarnemÝne, Hellingwâl, Klidze Rjocht, Koaibosk, Kolderfean, MÝnesleat, Mouwewei, Rykswei A7, Seagerij, Skarlannen, Skeanpaad, Smidte, Spaltenbrêge, Tolhúsleane, Visserwei.

  • Lieuwe Boonstra "Eindstation Terwispel"
  • Atte Jongstra "Djipte"
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Opsterlân
Doarpen en Ăştbuorrens:
Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld
Buorskippen:
Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden
¡ ¡ Berjocht bewurkje